85ste Sinteklazemearke Snits

10 nov 2010 - 09:35

Yn Snits wurdt dit jier foar de 85ste kear it Sinteklazemearke opfierd. Oan it feest wurkje 35 frijwilligers mei. Hûnderten bern út de groepen fiif oant en mei 8 fan de basisskoallen yn en om Snits bringe mei harren skoalle in besite oan de foarstelling.

Der is ek in iepenbiere útfiering op freedtejûn 19 novimber. It ferhaal giet dit jier oer in Brulloft yn Bagdad. De organisaasje fan it sprookje is yn hannen fan de Stichting Sint Nicolaas Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)