Ljouwerter militêren runne 'Snow City' yn Jordanië: wat dogge se op har misje?

In jachtfleantúch giet midden yn de nacht de loft yn fan de fleanbasis yn Jordanië ôf. Fol gas en dat betsjut triljende muorren en foar in gast dy't neat wend is rjochtop yn bêd. De 150 ynwenners fan Snow City hearre it, mar draaie har fuort wer om. It is gewoan hjir op de basis midden yn de woastyn. Fleantugen fleane 24 oeren deis út, foar misjes boppe Syrië en Irak. De 150 mannen en froulju komme foar it grutste part fan de fleanbasis Ljouwert. Se wiene yn 2014 it earste detasjemint dat kaam en no meie se it wer ôfslute. Op 1 jannewaris rint dizze Nederlânske misje ôf.
Troch Hayo Bootsma
Ljouwerters runne Snow City
Snow City, it is net in namme dy't je ferwachtsje by in kamp midden yn de woastyn. It hat te krijen mei de ûndergrûn. It kamp is boud op wite kidelstiennen. Yn de gleone sinne is in sinnebril needsaaklik om goed sjen te kinnen. Sa sterk is de refleksje fan de stientsjes.
Op it kamp sels is alles oanwêzich. Goede sportfasiliteiten, in kapper, in tsjerke en goeie wifi. Dat lêste is ien fan de basisbehoeftes yn in misjegebiet. Benammen foar it kontakt mei it thúsfront.
Jûns sjochst oeral op it kamp minsken mei earkes yn nei hûs Skypen of Facetimen. De post is ek goed regele. Alle wiken komme pakketsjes binnen mei dêryn somtiden in moaie ferrassing: "M'n lieve vader heeft muntdrop gestuurd!" seit ien fan de froulju dy't op it kamp wurket.

Net in hiel swiere útstjoering

De groep is yn septimber oankaam op it kamp. Guon binne al foar de sânde kear op misje. Dizze is goed te dwaan, seit crew chief Sybren: "Der wurdt minder flein as yn it begjin yn 2014 en de pear jier dêrnei. Doe wie it de klok rûn, no foar it grutste part allinnich mar oerdei. It foardiel is dat wy hjir foar it grutste part 'gewoan' deitsjinsten draaie kinne. Dat is wol noflik. En we hawwe it hjir frij goed yn fergelyk mei it begjin."
Yn dat begjin sliepten, útsein de piloaten, alle minsken yn tinten op it kamp: "Mei in sânstoarm waaiden ynienen tinten fuort." Al frij gau binne der ferbetterings oanbrocht. Wat no oerbliuwt is in lyts doarp mei allegearre 'prefab' barakken.
De measten hawwe in eigen keamer. Utsein de jonges fan de brânwacht: "Dat is aan de ene kant wel balen want echt privacy heb je niet. Niet op je kamer en ook niet op je werk. Dat moet je elders zoeken", seit ien fan de brânwachters.

Sport tsjin ferfeling

Sport is it middel om de frije oerkes troch te kommen. Op de diken en paden op de basis sjogge je altyd minsken hurdrinnen. Der wurde wedstriden organisearre fan sa'n fiif kilometer. Bêst pittich, want der is nochal wat hichteferskil.
Yn de rekreaasjeromte is jûns altyd wat te dwaan. Moandei is de standert filmjûn, op tiisdei en woansdei wurdt nei fuotbal sjoen. Yn oktober wie der sels in oktoberfest. "Oktoberfest 0,0% Bier Festival". Yn it lân mei gjin alkohol ferkocht wurde en dus wurdt it ek net tastien om it yn te fleanen en te brûken. It hat ien grut foardiel: je hawwe nei in goed feest nearne lêst fan.

"Goed iten is goed foar de moraal"

De keuken wurdt rund troch Douwe. Hy is fan oarsprong in marineman en is mei in kollega fan de lânmacht detasjearre by de loftmacht. "Ik bin hjir sa'n bytsje no de General Manager. Ik stjoer de minsken fan in lokale cateraar oan. Se leverje poerbêst iten en se wurkje hurd."
Sels stiet hy ien dei yn de wike yn de keuken, op woansdei: "Ja, ik bin en bliuw in marineman. Dus op woansdei stiet hjir de "Blauwe Hap" op it menu."
It measte iten dat taret wurdt, is halal. Ek hjir wurdt rekken hâlden mei de gewoanten fan it gastlân: "Mar dat betsjut net dat we hjir gjin Brabânske woarstebroadsjes, bargefleis, ite. Dy meitsje ik dan sels klear. Dêr komme ús koks net oan," seit Douwe. "Goed iten is fan grut belang. Hawwe je de keuken goed op de rit dan is dat goed foar de moraal."
© Omrop Fryslân

De baas komt lâns

Mei noch sa'n seis wiken te gean komt de baas fan de fleanbasis Ljouwert lâns. Kolonel Arnoud Stallmann besiket by in útstjoering fan trije moannen twa kear lâns te kommen. Sels wie hy koartlyn ek noch op útstjoering, yn deselde misje, allinnich dan op it haadkertier fan de ynternasjonale koälysje.
Stallmann wie dêr de skeakel tusken de piloaten en de minsken dy't it beslút nimme oer wat der oanfallen wurdt. Hy is hjir om bypraat te wurden hoe't it giet en oft der problemen binne. "Ook om te horen hoe de mensen hier het contact ervaren met dat hoofdkwartier. Ik neem die zaken dan mee en kan misschien wat betekenen."
Wat ek fan belang is de minsken by te praten oer wat der bart op de basis yn Ljouwert sels: "Veel van de mensen hebben hun werk daar moeten neerleggen voor de missie hier. Sommigen hebben daar zorgen over. Ik ben dan een luisterend oor."

Alle wapenynset wurdt kontrolearre

De baas fan it kamp is overste Ralph. Sels is hy ek F16-piloat, mar yn dizze misje sit hy allinnich mar efter syn buro. Ralph is de saneamde 'detco', de detasjemintskommandant. De detco is ferantwurdlik foar alles wat der bart. Hy is ek de persoan dy't besjocht oft de piloaten goed hannele hawwe as se wapens ynset hawwe.
"Als er wapens worden ingezet dan wordt dat goed onderzocht. Is de inzet terecht geweest, is het doel geraakt en zijn er geen fouten gemaakt."
De detco docht dat yn oparbeidzjen mei in offisier fan de Koninklijke Marechaussee. "Het Openbaar Ministerie kan altijd een eigen onderzoek starten als ze twijfel hebben. De officier van Justitie geeft het finale oordeel over of de inzet terecht was en goed is gegaan."

Goede sfear

Overste Ralph is bliid mei de goede sfear op it kamp: "Het gaat goed hier. Ik moet het afkloppen, maar we hebben geen tot weinig problemen gehad. Ook niet met de toestellen. Dan kun je wel stellen dat een missie goed loopt."