8500 nije ipen foar Fryslân

23 nov 2012 - 17:16
  • In rige ipen

De ipen yn Fryslân krije in twadde kâns mei it projekt 'Herplant iepen in Fryslân'. De start fan dat projekt wie freed oan de noardlike rûnwei fan Snits. Deputearre Kramer, wethâlder Sinnema fan Snits en de foarsitter fan de 'Iepenwacht', Willem Hoornstra, setten de earste trije beammen yn de grûn.

Der binne yn de ôfrûne tsien jier in lytse 10.000 ipen omhelle omdat se siik wiene. Yn gearwurking mei de provinsje, gemeenten, natuerorganisaasjes en it waadfûns, kin de 'Iepenwacht' de kommende jierren 8500 ipen plantsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)