850 bonnen bij kontrole Snits

11 okt 2007 - 10:26

By in ferkearskontrole op de rûnwei fan Snits binne woansdeitemiddei 850 autobestjoerders op de bon gien. Se rieden hurder as at se mochten. De grutste oertreder hie 93 op de teller.

Der wurdt op it stuit oan de rûnwei wurke en dêrom is de maksimumsnelheid 50 kilometer. Oars meie je der 80 ride. Mei inoar waarden 3.500 autobestjoerders kontrolearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)