84-jierrige botst by Moarre

21 okt 2011 - 10:32

By in oanriding op de Lauwersseewei by Moarre binne tongersdei fjouwer minsken ferwûne rekke. In 84-jierrige man út Moarre joech gjin foarrang oan in frou út Dokkum. By de botsing dêrnei rekken de 84-jierrige en trije minsken dy't by de frou yn de auto sieten, ferwûne.

De fjouwer ferwûnen binne nei it sikehûs yn Dokkum brocht. It CBR sil letter beoardielje oft de 84-jierrige noch wol yn steat is om in auto te bestjoeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)