EK wallball rint út op sof: noch net alle titels ferdield

It Europeesk kampioenskip wallball is freed útrûn op in sof. It toernoai soe freed titels ferdiele yn trije klassen, mar dat slagge mar by ien.
© Omrop Fryslân, Roelof de Vries
It toernoai, it saneamde muorrekeatsen, soe yn Frjentsjer begjinne om njoggen oere. Mar de flier wie net breed genôch, wêrtroch't ekstra flierûnderdielen befêstige wurde moasten. Boppedat wie de flier op it Sjûkelân wiet en net feilich genôch. Mar dat wie noch net alles: de tiidsyndieling wie te krap. Foar de partijen waard 25 minuten rekkene, wylst yn de praktyk dat somtiden it dûbele waard of langer. Dêrneist spile de waarmte ek in rol. Keatsers krigen wat mear rêst tuskentroch.

Marrit Zeinstra

By de singels hat Marrit Zeinstra de heale finale helle. Zeinstra wûn yn de pûl knap fan de wrâldkampioene Patricia Espinar út Baskelân. Yn Kolombia pakte Espinar de wrâldtitel troch te winnen fan Zeinstra. No pakte Zeinstra maklik de earste set mei 15-3. Yn de twadde liet Zeinstra trije wedstriidpunten lizze en wûn Espinar krekt mei 15-14. Yn de beslissende tredde set makke se lykwols dien wurk troch mei 7-3 te winnen.
© Omrop Fryslân, Roelof de Vries
Anne Monfils ferlear yn de kwartfinale mar krekt fan Ana Belén fan Valencia. Yn de beslissende tredde set ferlear se mei 7-5. It frouljus dûbeldteam hat de finale helle. Yn de heale finale wûnen se ienfâldich mei 2-0 fan Italië. Yn de finale treffe se no Valencia. Dy finale wurdt krekt as by de singels sneontemoarn spile. Marrit Zeinstra, Anne Monfils en Harmke Siegersma sitte yn it dûbeldteam. Twa fan de trije stean op de flier, mar der mei wiksele wurde.

Utskeakele

It manljus dûbeldteam waard al yn de pûlfaze útskeakele. Kees van der Schoot en Tjisse Steenstra ferlearen de earste wedstriid mei 2-0 fan Grut-Brittannië. De twadde partij moasten se mei 2-0 winne fan Baskelân. Se kamen op 1-0 en op 20-20 krigen se in matchpoint, mar Baskelân pakte de set en dêrmei wie Nederlân útskeakele. Pieter Jan Leijenaar ferfong yn de lêste set Steenstra en se wûnen noch mei 2-1.

EK keatsen

It Wallball is ûnderdiel fan trije dagen EK keatsen yn Frjentsjer. Tongersdei pakten de froulju en manlju goud by it Ynternasjonaal Spul. Sneon keatse de manlju noch it ûnderdiel Llargues en dus it frouljustoernoai by it muorrekeatsen.