82-jierrige fytster fan De Jouwer ferwûne troch botsing

24 sep 2015 - 12:32

In 82-jierrige frou fan De Jouwer is woansdeitejûn ferwûne rekke by in oanriding oan 't Zand. De frou siet op de fyts doe't se yn botsing kaam mei in bestelbus. Troch de klap foel de frou op de grûn.

Se is mei meardere ferwûnings nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht. Dêr wurdt fierder ûndersyk dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)