Drachtsterfeartprojekt wer los

Der komt in trochstart fan it Drachtsterfeartprojekt. De gemeente Smellingerlân hellet 5 miljoen euro út de algemiene reserves sadat nei de boufak úteinset wurde kin mei it projekt. It hele gebeuren leit sûnt 2008 stil.
It plan bestiet ûnder oaren út nijbou fan wenningen en it útgraven fan de Drachtsterfeart oant it kariljon yn it sintrum fan Drachten. De ôfspraak mei projektûntwikkeler Vastgoed Noord wie dat dit pas gebeure soe as der 500 wennings ferkocht wiene. Troch de resesje kin dat lykwols noch wol 7 oant 14 jier duorje.