Stipe foar enerzjysunich wenje

Enerzjyferbrûk © Omrop Fryslân
Wenningeigeners yn Skarsterlân dy't har hûs enerzjysuniger en duorsumer meitsje, krije tenei noch mear subsydzje. De gemeentlike subsydzje wurdt mei yngong fan 1 july ferhege fan 500 euro nei 1250 euro. De regeling yn it ramt fan de kampanje 'Tûk wenjen yn Skarsterlân' bestiet sûnt septimber ferline jier. Mei it hegere subsydzjebedrach wol de gemeente syn ynwenners stimulearje om har hûs enerzjysunich te meitsjen. Earder wiene der regelingen om by de provinsje en it ryk subsydzjejild te krijen. Dizze subsydzjes binne begjin dit jier stopset.