'Lêste dûns' fan Parnas

Mei optredens, workshops en teaterfoarstellings hellen de meiwurkers en kursisten fan Parnas sneon foar de lêste kear alles út de kast. It keunstedukaasjesintrum yn Ljouwert giet yn july ticht. Dêrom koe elkenien sneon yn de Harmonie yn Ljouwert sjen litte wat se allegear leard hawwe by Parnas. It barren hiet Save The Last Dance.
De measte meiwurkers meitsje in trochstart. Se hawwe in eigen bedriuwke oprjochten. Foar de kursisten is it wat dreger om fierder te gean. Bands kinne gjin oefenromte fine en hâlde op fan bestean.