Festival foar hiele Waadgebiet

In spesjaal Waadfestival moat it hiele Waadgebiet better op de kaart sette. Dan giet it net allinne om de natuer, mar ek en foaral om de kultuer en skiednis fan it gebiet fan Noard-Hollân oan Denemarken ta. It festival is in soarte paraplu foar besteande eveneminten lykas Oerol op Skylge. Mar ek musea en bygelyks de Rykuniversiteit Grins spylje dêr in rol by. De earste edysje fan it festival soe yn de simmer fan 2015 plakfine moatte.
It nije bestjoer komt oer in moanne mei de earste plannen foar de Waddenzomer 2015.