Stel mishannelet Drachtster

© Omrop Fryslân
De plysje yn Drachten is op syk nei in man en frou dy't ôfrûne wike woansdei in Drachtster (64) mishannele hawwe. De noch ûnbekende man helle roazen út in gemeenteperkje en dêr sei it slachtoffer wat fan.
De frou rûn dêrop nei de Drachtster ta en liet him tsjin de grûn falle. De man en frou binne doe útnaaid. De Drachtster is mei in brutsen rêchwervel opnommen yn it sikehûs en leit dêr noch hieltyd. De fertochte man hat in donkere hûdskleur en is tusken de 25 en 30 jier âld. De frou is blank en tusken de 20 en 25 jier âld.