Pauslike ûnderskieding Kamstra

Peter Kamstra fan Wâlterswâld hat sneintemoarn in pauslike ûnderskieding krigen. It giet om de heechste ûnderskieding dy't in net- wijde katolyk krije kin. Kamstra krige dy fanwege syn ynset foar de Bonifatiusparochy yn Dokkum. Hy siet der jierrenlang yn it bestjoer en wie ûnder oare belutsen by de restauraasje fan de Bonifatiuskapel en it byhearrende park.
It komt net sa faak mear foar dat de Pro Ecclesia et Pontefice-ûnderskieding dy't Kamstra krigen hat, útrikt wurdt. De Latynske namme betsjut Foar Tsjerke en Paus.