Freonen ha skuld oan dea

Justysje © Omrop Fryslân
It Iepenbier Ministearje hat tsjin twa Ljouwerters en in Dokkumer selstraffen ûnder betingst easke om't se ferantwurdlik hâlden wurden foar de dea fan in freon. De útspraak is oer twa wike.
In 21-jierrige Dokkumer ferstoar oardel jier lyn yn 'e auto, nei't er op stap west hie yn Ljouwert. Doe't er werom wie yn Dokkum, bleau er yn'e auto sitten om't er him net goed fielde. Syn maten giene earst yn 'e hûs, mar seagen letter by him. Se brochten him doe pas nei it sikehûs, dêr't bliken die dat er ferstoarn wie.