80.000 euro nedich foar skûtsje

30 maaie 2004 - 00:00

De gemeente Tytsjerksteradiel moat 80.000 euro jaan foar it bouwen fan in houten skûtsje yn Earnewâld. Dat foarstel dogge B&W fan Tytsjerksteradiel oan de gemeenteried. It plan foar it bouwen fan it skûtsje komt fan it Skûtsjemuseum yn Earnewâld.

It skûsje soe boud wurde moatte yn de histoaryske skipswerf njonken it museum. Mei inoar is der in heal miljoen euro nedich foar it plan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)