8000 minsken tefolle foar fytsalvestêdetocht 2015

31 des 2014 - 15:24
  • Dielnimmers oan de fytsalvestêdetocht 2014

Goed 8000 fytsers moatte takom wike teloarsteld wurde by de lotting foar de fytsalvestêdetocht, dy't tradisjoneel op pinkstermoandei hâlden wurde sil. De organisaasje hat mar plak foar 15.000 dielnimmers, mar it tal ynskriuwings komt boppe de 23.000. Aldjiersdei wie de lêste dei om yn te skriuwen. Moandei 5 jannewaris sil de organisaasje lotsje. It is de earste kear dat der lotte wurdt. Yn it ferline krigen de earste 15.000 oanmelders in startkaart.

Fiiftûzen minsken binne al wis fan in startbewiis. Sy hawwe troch middel fan foarynskriuwing al oanjûn meidwaan te wollen oan de kommende fytsalvestêdetocht op 25 maaie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)