800 startbewizen net ophelle by fytsalvestêdetocht

25 maaie 2015 - 17:34
  • Tsien kear fytst
  • 40 kear fytst

Om 17.00 oere hinne wienen goed 3.000 dielnimmers oan de fytsalvestêdetocht binnen yn Boalsert. Tolve oeren earder wie de start fan de tradisjonele fytstocht. Mei elkoar binne 14.200 minsken fan start gong. Dat betsjut dat 800 startbewizen dit jier net brûkt binne. Dat komt de lêste jierren faker foar, seit foarsitter Stephan Rekker fan de fytsalvestêdetocht.

De omstannichheden wienen goed. Neffens dielnimmers wie it hearlik fytswaar. Wol hellet de wyn jûn noch oan.

It tal falpartijen is neffens Rekker gelyk oan oare jierren. Oant no ta moasten sa'n tolve minsken nei it sikehûs mei ferwûnings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)