800 skeameldings by Thús Wonen

31 okt 2013 - 15:54

Wenningkorporaasje Thús Wonen hat 800 skeameldings binnenkrigen nei de stoarm fan ôfrûne moandei. De meldings kamen út 29 plakken. Benammen Dokkum is swier troffen. Yn Fryslân binne der sawat 1000 wenten fan Thús Wonen mei stoarmskea. Fan 30 huzen is de skea grut, trochdat bygelyks dakken fuortblaasd waarden. Hoe heech de reparaasjekosten binne, kin de korporaasje no noch net sizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)