800 reaksjes op profylskets

12 maaie 2005 - 06:51

Hast achthûndert minsken hawwe reagearre op de enkête fan de gemeente Smellingerlân oer de profylskets foar in nije boargemaster. De foarkar giet út nei immen tusken de 45 en de 55 jier.

De mearderheid hat gjin foarkar foar in man of frou, mar de nije boargemaster fan Smellingerlân moat wol in CDA- of PvdA-achtergrûn hawwe. De gemeenteried stelt de úteinlike profylskets ein maaie fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)