800 minsken wachtsje op hierhûs

26 nov 2004 - 15:09

Yn 'e gemeente Achtkarspelen stean achthûndert minsken op de wachtlist foar in hierwente. Lykwols krijt de nije wenwyk oan de Fjouwerhústerwei yn Surhústerfean gjin hierwenten. Dat sei wethâlder Van der Wal tongersdei yn 'e ried. Doch wol de gemeente wol wat dwaan oan 'e lange wachttiden. Yn 'e nije Mûnewyk yn Bûtenpost komme wol hierhuzen. Yn Surhústerfean meie oan it jier 2010 ta 48 wenten boud wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)