80 parkearbekeurings It Fean

13 des 2010 - 09:41

De plysje hat snein ûnder de wedstryd fan Sportclub Hearrenfean en FC Twente 80 bekeurings útdield foar auto's dy't ferkeard parkeard stiene. De auto's stiene yn de wenwiken om it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean hinne. Dêr meie se net stean.

Yn de omjouwing fan it stadion binne 1200 parkearplakken spesjaal foar besikers fan in fuotbalwedstryd. Guon fan dy plakken stiene snein leech. De plysje sil faker ûnder fuotbalwedstriden kontrolearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)