80 fans by protestmars Sportklup Hearrenfean

07 aug 2015 - 20:07
  • De fans sammelje harren by it kafee foar de protestmars
  • Nei it plysjeburo

Sa'n 80 supporters fan Sportklup Hearrenfean dogge freedtejûn mei oan in protestmars. De tocht giet fan in kroech yn it sintrum nei it plysjeburo. De Feanfans binne lilk om't de iepeningswedstryd fan de earedivyzje tsjin De Graafschap jûn net trochgiet. Boargemaster Van der Zwan hat de wedstryd ferbean om't der te min plysje beskikber is. Dêrmei soe de feilichheid yn en om it Abe Lenstrastadion yn gefaar komme kinne. De plysje hâldt al langer stakingsaksjes foar in bettere CAO. SC Hearrenfean-De Graafschap stiet no pland foar tiisdeitejûn.

Ek PEC Zwolle - SC Cambuur is fanwege de plysje-aksjes skrast. Dy wedstryd wurdt kommende woansdei ynhelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)