80 Amelanners nei Loveparade

18 jul 2001 - 00:00

80 Amelanners dogge sneon mei in eigen wein mei oan de 13de Loveparade yn Berlyn. Op dizze mooglik lêste Loveparade wurde mear as in miljoen minsken ferwachte. De Amelanner feestwein fan 25 meter wurdt boud yn Feanwâlden. Se betelje 7000 gûne om mei te riden.

De parade fan dit wykein koe wolris de lêste wêze want de gemeente Berlyn wol net mear opdraaie foar it skjinmeitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)