8 ton foar útbaggerjen fearten

13 maaie 2014 - 17:23
  • Baggerbak

De gemeente Súdwest-Fryslân begjint dizze hjerst mei it earste baggerwurk yn de gemeentlike fearten. It giet om efterstallich ûnderhâld. It Fyske Marreprojekt fan de provinsje Fryslân hat dêrfoar 8 ton euro beskikber steld. Dat is de helte fan de totale kosten.

It baggerjen is needsaaklik foar de rekreaasje. Dit jier wurdt it behear en it ûnderhâld fan gemeentlik farwetter oerdroegen oan it wetterskip en de provinsje.
Takom jier wurdt de omjouwing fan Snits, Toppenhuzen, Drylts en Heech oanpakt.

Yn 2016 wurdt baggere yn Warkum, Koudum, Hylpen, Himmelum/Bakhuzen en Starum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)