8 Tips oer saak Bouma

14 apr 2010 - 11:33

De plysje hat acht tips krigen oer de saak Pietje_Bouma, nei oanlieding fan de útstjoering oer Opsporing_Verzocht. Dêryn kaam de moard op de frou út Frjentsjer oan de oarder.

De skoandochter fan frou Bouma sit fêst op fertinking fan moard of deaslach, mar se ûntkent dat se der wat mei te krijen hat. De plysje hie ûnder oare fragen oer de auto fan de fertochte. It resjerzjeteam begjint woansdei mei it ûndersykjen fan de tips.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)