8+ projekt docht fertuten

29 jun 2004 - 08:48

It 8+ projekt op Piter Jelles Junior yn Ljouwert is in sukses. Bern út groep 8 fan de basisskoalle rinne yn it projekt mei op in middelbere skoalle. It ôfrûne jier dienen 22 bern mei. Der wienen heechbegaafde bern by en bern dy't praktysk ynsteld binne.

Piter Jelles is de iennichste skoalle yn Nederlân mei sa'n projekt. De risseltaten wurde lanlik mei ynteresse folge. Foar takom jier binne der al 26 oanmeldings foar de 8+ skoalle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)