8 jier sel foar brânstifter

22 apr 2011 - 16:30

In 44-jierrige man út Snits dy't twa jier lyn brân stifte hat yn trije flats is yn heger berop op 'e nij feroardiele ta acht jier selstraf.

Dêrmei hat it gerjochtshôf in eardere útspraak fan de rjochtbank befêstige. Twa jier lyn stuts de man konteners yn de portyk fan trije flats yn de brân. De bewenners fan twa flats yn de wyk Lemmerwei-East rekken dêrtroch ynsletten en moasten mei heechwurkers fan it balkon rêden wurde. By de tredde flat koe de brân blust wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)