8 jier sel en tbs foar deaslach

01 maaie 2003 - 00:00

In 35-jierrige man út Frjentsjer is feroardield ta acht jier sel en tbs mei twangferpleging. Dat foar deaslach en trije pogingen ta deaslach. De man stuts foarich jier yn Bar Alouette yn Frjentsjer in frou dea.

De man ferwûne by de stekpartij ek noch trije omstanners. De man moat ek 17.000 euro smertejild betelje oan de neibesteanden fan de frou. Oan de slachtoffers dy't ferwûne rekken moat er nochris 14.000 euro betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)