8 jier sel easke tsjin Burgumer

25 feb 2004 - 00:00

Acht jier sel en tbs mei twangferpleging. Dat is de eask fan it iepenbier ministearje yn it heger berop yn de Drachtster moardsaak. De saak tsjinne woansdei yn Ljouwert. Op 7 septimber 2002 waard Rinze v.d. Heide deastutsen yn syn flat yn Drachten.

De fertochte út Burgum waard earder feroardield ta seis jier sel en tbs. Hy bekende, mar seit no dat de eks-frou fan it slachtoffer stutsen hat. Tsjin de frou is trije jier sel easke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)