8 en 10 jier yn saak Haanstra

16 jul 2012 - 19:50

Tsjin in heit en soan, dy't belutsen wiene by de deadlike mishanneling fan Drachtster Johannes Haanstra binne selstraffen fan 8 en 10 jier easke. It Iepenbier Ministearje easket in legere straf foar de 19-jierrige soan, fanwege syn jonge leeftiid en gebrekkige ûntwikkeling.

De heit moat neffens it IM 10 jier de sel yn. Earder op de dei waard yn deselde saak 15 moanne jeugddetinsje en tbs easke tsjin de 16-jierrige soan. De mishanneling wie yn septimber 2011. Haanstra ferstoar neidat er klappen krigen hie by in rûzje

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)