8 defibrilatoren foar Boalsert

15 jul 2008 - 09:22

Op acht plakken yn it sintrum en op it bedriuweterrein fan Boalsert hingje defibrilatoren. Mei it apparaat kinne libbens rêden wurde as immen in hertoanfal krijt. De ôfrûne jierren is it in tal kearen bard dat ien yn de stêd oan in hertoanfal stoar.

De wurknimmers fan 'e bedriuwen en ynstânsjes dêr't de apparaten hingje hawwe ynstruksjes krigen hoe't se mei de apparaten omgean moatte. Yn it neijier komt der noch in ynformaasjejûn foar belangstellenden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)