Liveblog: Marjolein en Gjalt trouwe foar ien dei

Doch ris romantysk en trou foar ien dei op Valentijnsdei! Nei dizze oprop by Omrop Fryslân hawwe har in soad steltsjes melden dy't graach it Ja-wurd sizze wolle op de dei fan de leafde.
Foar Marjolein Zijlstra (25) en har freon Gjalt (31) komt dy winsk woansdei lang om let út. Sy stappe woansdeitemiddei by de Omrop yn it houliksboatsje. Mar foardat it safier is, moat der noch in ring útkeazen wurde. Folgje yn dit liveblog alle hichtepunten fan dizze prachtige dei.
It liveblog:
Dat momint... Allegearre op 'e foto: Efkes genietsje It is in bytsje kâld, mar de foto's moatte wol makke wurde In soad drokte yn 'e radiostudio Lekker ite!