Iris doopt eigen iris

14 jun 2012 - 15:17

Voice of Holland-winneres Iris Kroes fan Drachten hat tongersdei har eigen blom krige. Se hat in nije irissoarte doopt ta Dutch Voice. Dat wie yn 't Zand yn de provinsje Noard-Hollân. Blommeburo Holland kaam op it idee. It buro hopet dat de nije blom in kommersjeel súkses wurdt.

Nei de doop fan de blom moast Iris fuortendaliks troch nei har wenplak Drachten. Se moast as ambassadrise by de Praat mar Frysk-kampanje wêze. Iris Kroes har earste cd komt op 17 augustus út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)