Nije klus Sijtje van der Lende

Sijtje van der Lende (agyffotot)
Sijtje van der Lende hat in nije klus as reedrydcoach. Se sil oan it wurk by TopTeam Noard-Nederlân, in gearwurkingsferbân tusken de gewesten fan Grinslân en Drinte. Van der Lende, berne yn Sonnegea, hâldt har dwaande mei de âldste talinten fan de seleksje.
Van der Lende makke as rydster ferskate EK's en WK's mei. Ek wie se aktyf op de Olympyske Spelen fan 1976 en 1980. As coach wie Van der Lende it lêst oan it wurk as bûnskoach fan Sina. Dêrfoar hie se it gewest Fryslân en de VPZ-ploech ûnder har hoede.