SWF besjocht oanfragen opnij

SWF © Omrop Fryslân
De gemeente Súdwest-Fryslân sjocht opnij nei de oanfragen foar bysûndere bystân en oare minima-regelingen dy't de ôfrûne tiid binnenkaam binne. Dat wurdt dien om't de ynfiering fan de húshâldynkommenstoets net troch giet. Ynwenners hoege net opnij in oanfraach yn te tsjinjen.
Ynwenners fan Súdwest-Fryslân, Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Littenseradiel dy't gjin oanfraach dien hawwe fanwege de húshâldtoets wurdt frege har noch te melden.