Webside foar melden ûngelokken

12 jun 2012 - 15:59

De provinsje komt mei in spesjale website, dêr't ferkearsûngelokken op meld wurde kinne. Sa wol de provinsje in dúdliker byld krije fan ferkearsûnfeilige diken. De plysje registrearret lang net alle ûngelokken mear, allinnich de slimmere. Oerheden basearje har ferkearsbelied wol op dy sifers, mar dy binne dus net akkuraat. De provinsje is dêr ûngelokkich mei, en besiket sels mear dúdlikheid te krijen.

Oant juny binne 19 deaden fallen yn it Fryske ferkear, tsjin 10 foarich jier. Dêrfan 7 fytsers en 3 motorriders.

De site dêr't ûngelokken yn it ferkear op meld wurde kinne, giet nei alle gedachten ein dit jier yn 'e loft.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)