Bazuin twadde op Euro Brass

© www.hallelujamenaam.nl
Brassband Schoonhoven mei dirigint Erik Janssen is sneon winner wurden fan Euro Brass 2012 yn Drachten. Mei in punte-totaal fan 190,5 skreau de band it festival foar de twadde kear op rige op syn namme.
Twadde waard de Bazuin fan Oentsjerk ûnder lieding fan Klaas van der Woude. De Wâldsang fan Bûtenpost helle it tredde plak. De solistepriis gie nei Niels Verbeek fan Brassband Schoonhoven.