Nij meubelatelier iepene

09 jun 2012 - 12:47

Yn Easternijtsjerk is sneon it nije meubelatelier iepene. In groep fan acht meubelmakkers wurket dêr gear ûnder ien dak. Se meitsje gebrûk fan inoars ekspertize en masines.

Earst siet de groep yn Ternaard. De hal dêr waard lykwols te lyts. Om't se de wurkgelegenheid yn Noardeast-Fryslân behâlde wolle, ha se ûnderdak fûn yn Easternijtsjerk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)