78 partoeren by NK senioaren

31 maaie 2004 - 00:00

Yn Frjentsjer wurdt Pinkstermoandei op it Sjûkelân en op sportfjilden it NK senioaren ferkeatst. Der dogge mei elkoar 78 partoeren mei. Ien fan de favoriten is it partoer fan Minnertsgea mei Chris Wassenaar, Jacob Wassenaar en Cornelis Terpstra.

By de partij op de twadde list moasten se tsjin Wytgaard-Wurdum. Cornelis Terpstra krige in foetblessuere. Op de partij foar de tredde list wurdt er ferfongen troch Klaas Anne Terpstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)