78 dowen stellen yn Surhuzum

06 jan 2008 - 18:04
  • dieven hawwe it stek stikken knipt, in leech hok bliuwt oer

Der binne dit wykein 78 dowen stellen by Jacob Poortvliet yn Surhuzum. Poortvliet hat 10.000 euro beskikber steld foar de tip dy't nei de dieders liede kin. De dowemelker fertinkt in ynternasjonale binde fan de stellerij fan syn dowen.

Poortvliet hat noch folle mear dowen, mar is der dochs hielendal foarwei. Se binne nei alle gedachten yn grutte tallen yn jutesekken meinommen. Tips trochjaan kin op poortvlietduiven.nl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)