777 stimmen tsjin 'e earmoed

18 okt 2007 - 06:28

Yn de sporthal fan Sportstad Hearrenfean by it Abe Lenstastadion lieten woansdei 777 minsken harren stim hearre tsjin earmoed. Dit barde yn it ramt fan it Poverty Requiem. Oer hiel de wrâld songen koaren it liet dat omtinken freget foar de ûngelikensens yn de wrâld. It wie woansdei de ynternasjonale dei tsjin de earmoed.

It inisjatyf foar de útfiering komt fan sintrum Tûmba út Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)