77-jierrige frou mei geweld berôve yn har hûs yn Hjerbeam

17 sep 2015 - 09:00
  • It hûs oant it Paradyske yn Hjerbeam

In 77-jierrige bewenster is tongersdeitemoarn berôve yn har hûs oan it Paradyske yn Hjerbeam. De frou woe om 6.00 oere de hûn útlitte, doe't twa manlju har hommels oerfoelen. Der ûntstie in wrakseling, wêrby't de frou fan har beurs berôve is.

Mei it slachtoffer giet it neffens de plysje neffens omstannichheden goed. Se hat wol in emosjonele klap hân.

In sinjalemint fan de dieders is der noch net. Wol is bekend dat beide manlju grut binne. De plysje kin noch neat sizze oer in mooglike flechtauto. De plysje is op syk nei tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)