77 iisslachtoffers yn MCL

11 feb 2012 - 10:26

Sikehûs MCL yn Ljouwert belibbe freed de drokste dei oant no ta mei slachtoffers fan de iiswille. Mei-inoar melden har 77 minsken op de spoedeaskjende help fan it sikehûs omdat se ferwûne rekke wiene by it reedriden. 55 minsken hiene wat brutsen, meastentiids de pols.

Oare minsken hiene kniezings oprûn, de skouder út de kom, of wiene ferwûne rekke oan de holle. Sikehûs MCL hat no mei-inoar sa'n 260 iisslachtoffers behannele. De Fryske sikehuzen ferwachtsje dit wykein noch folle mear drokte. Se ha har der op taret.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)