Ljouwerter krijt wurkstraf foar it kweken fan himp

Rjochtbank Ljouwert © ANP
In man út Ljouwert hat in wurkstraf fan 80 oeren krigen om't er in himpkwekerij hie. De man sei dat er mei de kwekerij begûn wie om't er djip yn de skulden siet. Dat kaam troch't er ophâlde moast mei it ferkeapjen fan softdrugs nei it nije belied fan de gemeente. Dy wol coffeeshops allinne noch mar yn de binnenstêd ha.
De man soe in skuld ha fan twa ton. De straf dy't er no krigen hat wie ek de eask fan de offisier fan justysje.