SC Cambuur bekeret fierder nei winst yn Den Bosch

SC Cambuur hat him tiisdeitejûn pleatst foar de achtste finales fan it KNVB bekertoernoai. Yn Den Bosch waard de pleatslike FC mei 2-0 oan 'e kant set en dus koene, nei fiif kompetysjewedstriden op rige sûnder oerwinning, by Cambuur de hannen wer ris yn de loft.
Cambuur sette goed útein, hie it measte balbesit en dat smiet kânsen op foar de Ljouwerters. Nei tsien minuten skeat linkerferdigener Marvin Peersman krekt njonken nei in skot fan Daan Boerlage. Dy lêste krige healwei de earste helte sels ek in mooglikheid om te skoaren, mar de foarset fan Kevin van Kippersluis gie krekt oan him foarby.

Van Kippersluis wichtich

Nei it skoft soarge oan Cambuurkant Van Kippersluis foar in soad gefaar. In kertier yn de twadde helte sette hy goed troch, mar stie der nimmen foar de goal om syn foarset binnen te rinnen. Even letter skeat Jurjan Mannes krekt oer nei in hoekskop fan Van Kippersluis. Cambuur gie fierder op syk nei de iepeningsgoal en dy kaam der. Nei in frije traap fan - hoe soe it ek oars - Van Kippersluis skeat Peersman raak. Yn de slotfaze bekroande Van Kippersluis syn goede optreden mei in doelpunt, wêrtroch't Cambuur fierder bekeret.
Tongersdeitejûn wurdt troch lotsjen bekendmakke wa't de tsjinstanner fan Cambuur yn de achtste finales wêze sil.
FC Den Bosch - SC Cambuur 0-2 (0-0). 77. Marvin Peersman 0-1, 84. Kevin van Kippersluis 0-2. Skiedsrjochter: Siemen Mulder.
Opstelling SC Cambuur: Cummins; Van Deelen, Steenvoorden, Schilder, Peersman; Boerlage, Barto, Mannes; Daniels (67. Narsingh), Robertha (77. Smeets), Van Kippersluis.