BSB Staalbouw út Burgum is fallyt

It bedriuw BSB Staalbouw yn Burgum is fallyt. Wurknimmers wurde moandeitemiddei bypraat troch kurator Wouter Cnossen en dat betsjut in fallisemint. Dat der wat geande is, wie al sûnt woansdei 18 oktober dúdlik. Rykswettersteat melde doe dat it wurk fan BSB by it opknappen fan brêgen by de seesluzen fan Farmsum stil lei.
Direkteur Jan Pesie lit witte dat it komt troch de put fan 8 septimber yn Driel wêrby't in dûker om it libben kaam. "Daardoor liepen de werkzaamheden drie weken vertraging op. Dat zorgde voor 1,5 miljoen euro extra kosten voor ons, die we niet op iemand konden verhalen. Daardoor konden we het financieel niet redden." Neffens Pesie en Cnossen is der in goeie kâns dat it bedriuw oernaam wurdt troch in oare ûndernimmer. Cnossen: ''Het zou me verbazen als dat niet gebeurt.''
Fakbûnen FNV en CNV praten leden en oare wurknimmers earder op 'e middei by oer de takomst fan de meiwurkers. Neffens Jikkie Aalberts fan CNV wie de sfear berêstend. Der kamen mear as sechstich minsken ôf op dy gearkomste. BSB Staalbouw wie ek belutsen by it ûngelok mei in brêgedek yn Alphen aan de Rijn yn 2015.