Rianne de Vries knapt goed op en giet nei de wrâldbeker

Rianne de Vries © Omrop Fryslân, Roelof de Vries
Rianne de Vries sil meidwaan oan de lêste twa wrâldbekerwedstriden shorttrack yn Azië. De Vries bruts yn july har ankel, mar knapt goed op. Oft se allinnich meidocht op de ôflossing of ek ôfstannen ride sil, is noch net dúdlik. Yn tsjinstelling ta de earste twa wrâldbekerwedstriden yn Boedapest en Dordrecht giet Jorien ter Mors no net mei. Sy konsintrearret har op it langebaanreedriden. Fan de Friezen sitte Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Ithzak de Laat, Dennis Visser en Suzanne Schulting wer by de seleksje.
Op 26 oktober sille de shorttrackers foar in trainingskamp nei Japan. De earste wrâldbeker is yn Shanghai yn Sina fan 9 oant en mei 12 novimber en de twadde is yn Seoul yn Súd-Koreä fan 16 oant en mei 19 novimber. Dêrnei is dúdlik hoefolle reedriders oft Nederlân nei de Spelen yn Súd-Koreä stjoere mei.