Noed oer plannen foar grutte peilferheging Iselmar

It Fryske Gea hat grutte noed oer de foarnommen ferheging fan it wetterpeil yn de Iselmar. Yn 2021 moat it mei 20 sintimeter omheech, dat wol it ministearje fan Ferkear en Wettersteat. De mar tsjinnet dan as wetterfoarried foar drûge tiden. It betsjut ek dat by in maitiidsstoarm it bûtendykster lân folle makliker oerstreame kin. Dat giet dan ta skea fan de fûgels dy't dêr dan oan it brieden binne.
Mei de provinsje en de belutsen gemeenten wurket It Fryske Gea oan in bettere beskerming fan de kust. De kommende moanne wurdt troch de provinsje besjoen hokker plannen te beteljen en realistysk binne. Om de fûgels te beskermjen wurdt tocht oan de oanlis fan flechtplakken. Yn de Warkumerwaard besykje se de kust wer wat op te skowen de mar yn. De ôfrûne jierren is op dat plak in hiel stik ôfslein. Troch ek âlde sleatsjes oan te pakken en wâlskanten te fersterkjen kin foarkaam wurde dat it lân ûnderstrûpt.
Mei dizze maatregels kin de peilferheging wol goed útpakke, tinkt Chris Bakker fan It Fryske Gea. "As je dat goed dogge dan groeie de sânbanken mei, mei de stiging fan it wetter. Dat jout de natuer ek wer romte." Der stiet in protte wurk op steapel om de peilferheging fan de Iselmar en de dêropfolgjende natuerbeskerming mooglik te meitsjen. Sa wurde ûnder oare de Markerwadden oanlein yn de Markerwaard. By de Ofslútdyk wurdt wurke oan de oanlis fan de fiskmigraasjerivier.