Bestjoer De Klink tinkt nei oer maatregels tsjin fjochters

It bestjoer fan De Klink yn Koudum is fernuvere en lilk oer de grutte fjochtpartij dy't yn de nacht fan sneon op snein foar de doar fan it multyfunksjonele sintrum plakfûn hat. Yn De Klink waard it muzykfeest hâlden, dêr't 700 besikers op ôfkaam wienen. It feest wie al ôfrûn, doe't twa jonge manlju spul makken om in jas. Se woene de jas ophelje, om't ien fan de twa manlju út it gebou set wie. Mar se hiene it kaartsje net mear, en de garderôbe koe dêrom de jas net opsykje. Hjir waarden de manlju lilk om, wêrnei't se besochten de befeiligers oan te fallen.
De plysje waard derby helle, mar ek dy waard bedrige troch in grutte groep manlju. Der moasten sjarzjes útfierd wurde om de strjitte skjin te feien. It bestjoer fan De Klink wol no maatregels nimme om dizze groep tenei bûten de doar te hâlden.