Skylger Brandaris fan Lego te sjen yn Grinzer museum

In bysûnder Frysk gebou pronket fan sneon ôf yn it LEGiO-museum yn it Grinzer Grootegast. Sneon waard nammentlik in skaalmodel fan de Skylger Brandaris ûntbleate yn it museum. Dat waard dien troch Remi Hoeve fan Skylge. Hy hat 14 jier wurke op de Brandaris en kaam spesjaal foar de ûntbleating nei it museum.
In frijwilliger fan it museum, André Scholte, hat trije moanne wurk hân om de goed 6.000 stiennen op te bouwen ta de Skylger fjoertoer. It model fan de Brandaris is 1.42 meter heech en is noch in skoft te bewûnderjen yn it museum.